Programma­linen

It Noordelijk Film Festival ûnderskiedt him troch in unyk ynternasjonaal programma mei in fokus op it Noarden, en is der likegoed foar de filmsjogger- as makker. It festival biedt in breed programma, dat fierder rikt as allinnich film. Elk jier kiest it festival in ynspirearjend tema. Yn 2025 is it tema fan it Noordelijk Film Festival ‘Ljochtmakkers en Nachtwakers’. Lês hjir mear oer it tema fan dit jier.

Noordse Focus

Alle jierren fleane wy fan Fryslân út nei de moaiste filmyske dekôrs fan it noarden. De Noordse Focus foarmet it haadprogramma fan it Noordelijk Film Festival, en biedt in sterke seleksje fan de nijste ynternasjonale spylfilms en dokumintêres út dizze grutte noardlike regio. In soad films wurde spesjaal ymportearre út it bûtenlân en binne (noch) net te sjen yn de Nederlânske bioskopen en filmteäters. Dit is ek de reden dat der in soad films Ingelsk ûndertitele binne.

Binnen it programma fynst in unike mjuks fan spylfilms; fan absurde, swarte of lichtfuottige komeedzjes oant histoaryske, psychologyske of maatskiplike drama’s, en fan produksjes út de Skandinavyske lannen oant films út it Feriene Keninkryk, Yslân of de Baltyske steaten. Mei de dokumintêres sketse wy dêrneist in moai byld fan it kulturele ferskaat binnen ús brede Noard-Europa. Lit dy ferrasse, ferwûnderje en yn it moed reitsje. Gean op aventoer en ûntdek films dy’tst oars noait sjen soest!

Noorderkroon

Neist de Noard-Europeeske seleksje fan it haadprogramma, sjochst binnen Noorderkroon útinoarrinnende resinte films út de Noard-Nederlânske regio. De Noorderkroon-kompetysje is in poadium en in springplanke foar filmstudinten, profesjonele filmmakkers en amateurfilmers. De films meitsje yn seis kategoryen kâns op in Noorderkroon Award, dy’t ûnder de feestlike awardshow op snein útrikt wurde. De seleksje fan 2025 fynst hjir.

De films yn dit programma binne allegear makke troch regisseurs of produsinten dy’t wenje yn of komme út Fryslân, Grinslân of Drinte. It kin ek wêze dat it ferhaal him ôfspilet yn ien fan dizze provinsjes. Der is yn elk gefal in sterke konneksje mei ús eigen regionale noarden. In hiel soad films yn dizze seleksje belibje boppedat har premjêre op it festival en der binne faak makkers oanwêzich foar in Q&A!

Spotlight: Benedikt Erlingsson

Jierliks set it Noordelijk Film Festival in filmprofesjonal yn it ljocht dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan Noardelike Cinema. It festival earet dizze persoan mei in Award en in Retrospektyf wêryn’t dyjinge syn as har wurk (opnij) op it grutte doek te sjen is.
Dit jier ûntfange wy akteur en regisseur Benedikt Erlingsson as ús Spotlight-gast. Syn ynternasjonale trochbraak kaam mei de films Of Horses and Men, The Show of Shows, folge troch de heech priizge Woman at War. Oanlieding fan syn besite is ek syn nije searje The Danish Woman. Dizze films en de searje sille te sjen wêze op it festival as ûnderdiel fan it Spotlight-retrospektyf, mei Of Horses and Men wol yn in hiel bysûndere setting: by stâlhâlderij Hiddema State.

Sounds & Cinema

Binnen Sounds & Cinema presintearje wy skitterjende muzykdokumintêres en spylfilms dêr’t muzyk in grutte rol yn spilet. Dêrneist programmearje wy elk jier in spesjale filmfertoaning mei live muzikale begelieding, fan in klassiker of in stille film. Dit jier stiet der in wol hiel bysûnder barren op de planning, hâld dêrom de programmaside yn ’e gaten!

Mensen die een film kijken in een volle bioscoopzaal

Memmetaal

It Frysk Frysk ferstiet it meastepart fan ús besikers wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Sami, Catalaans, Kannada, Papiamentu of Sardisch?It Nooardelijk Film Festival presintearret foar it tredde jier op rige in seleksje films út lytse taalgebieten fan oer de hiele wrâld. Dêrneist organisearje wy meardere panels, petearen en ynliedingen oer ferskate aspekten fan it meitsjen fan in film yn in minderheidstaal, en oer it belang en de ympakt fan in memmetaal as utering fan de (kulturele) identiteit.

Talent & Industry

Dêr’t Stadsschouwburg De Harmonie it festivalhert is, is Post-Plaza it hert fan ús jierliks groeiende Talent & Industry-programma.Yn gearwurking mei New Noardic Wave presintearret it Noordelijk Film Festival in ôfwikseljend en ambisjeus programma fol masterclasses, workshops, panels en netwurkbuorrels om filmprofesjonals en beliedsmakkers yn beweging te bringen.. Ungefear de helte fan alle T&I-festiviteiten is ek tagonklik foar ynteressearren ûnder it reguliere festivalpublyk. It T&I-programma wurdt mei mooglik makke troch partners as Screen Talent NL, Cine Nord, Screen Noord, Filmfluencer en Actors Directors Collective.

Film en food Noordelijk Film Festival fine dining

Specials

Yn it festivalprogramma fynst ek in oantal bysûndere eveneminten dy’t krekt even oars binne as ‘allinnich mar film’. In soad fan dizze aktiviteiten en filmfertoaningen organisearje wy yn gearwurking mei oare, meast lokale partijen. Tink oan in spannende Filmkwis, in bysûnder argyfprogramma mei it Fries Film en Audio Archief of in ferrassend gastprogramma troch it Internationaal Filmfestival Assen. Steefêst ûnderdiel fan ús specials: in Film & Food-special mei gerjochten ynspirearre op de film op it skerm, en in hearlike Famyljebrunch op de snein foar âlden mei bern fan 4 o/m 10 jier.

Filmmakers at Risk

Op in soad plakken yn ’e wrâld wurkje filmmakkers mei gefaar foar eigen libben. Kreative frijheid is net rûnom fanselssprekkend. Under de titel ‘Filmmakkers at Risk’ nûgje wy it publyk út te reflektearjen op it krúsjale belang fan ferhalefertellers yn ús wrâld fan hjoed, dy’t yn meardere opsichten yn ’e brân stiet. Neist de fertoaning fan To a Land Unknown, Mr. Nobody Against Putin, Kyiv Soloists, Die Möllner Briefe, Yunan en The Swan Song of Fedor Ozerov is der op freedtemiddei in panelpetear oer dit ûnderwerp.

Man geeft presentatie aan schoolklas in een filmzaal Noordelijk Film Festival

Schoolvoorstellingen

Fia skoalfoarstellingen komme mear as twatûzen skoalbern fan it primêr en fuortset ûnderwiis yn oanrekking mei moaie noardlike bernefilms en it filmfestival. Wy wurkje gear mei it keunstmenu fan Kunstkade, mar nûgje ek alle oare skoallen yn de provinsje út. Mear ynformaasje oer skoalfoarstellingen en filmedukaasje fynst hjir.