Festivallokaasjes

Fan 4 oant en mei 8 novimber 2026 ferwolkomje wy filmleafhawwers út alle wynstreken op fertroude en nije festivallokaasjes by de 46e edysje fan it Noordelijk Film Festival.

Fynst ús uteraard wer yn festivalhert Stadsschouwburg De Harmonie, mar ek op oare lokaasjes kinst genietsje fan de útsûnderlike sfear fan it festival. Untdek hjirûnder alle lokaasjes, dy’t stik foar stik in unyk programma oanbiede.

Noordelijk Film Festival - Stadsschouwburg De Harmonie festivallocatie locatie festival film schouwburg leeuwarden

Stadsschouwburg De Harmonie

Stadsschouwburg De Harmonie is al sûnt jier en dei it sfearfolle festivalhert fan it Noordelijk Film Festival. Dizze lokaasje hat by it fiif dagen duorjende festival it grutste oanbod oan films, dy’t fertoand wurde yn de Grote Zaal en Middenzaal. Yn de foyer fan ’e skouboarch ûntstiet in plak foar byinoarwêzen, bykommen en opladen. Jûns steane der live-artysten op it poadium en wurdt der dûnse.

Adres: Ruiterskwartier 4, Ljouwert

Noordelijk Film Festival - Slieker Film locatie festivallocatie filmhuis film

Slieker Film

Ek yn Slieker Film is it Noordelijk Film Festival te finen. Yn filmteäter Slieker wurde it hiele jier troch de nijste arthouse films, dokumintêres, koarte films en argyffilms draaid. Spesjaal foar it Noordelijk Film Festival wurdt it filmteäter omtovere ta festivallokaasje.

Adres: Wilhelminaplein 92, Ljouwert

Pathé Leeuwarden, Locatie Noordelijk Film Festival

Pathé Leeuwarden

In part fan it programma fan it Noordelijk Film Festival wurdt yn Pathé oan it Ruiterskwartier fertoand. Hjir sjochst in fariearre filmseleksje mei de fuotten omheech yn in relax seat.

fertoand. Hjir sjochst in fariearre filmseleksje mei de fuotten omheech yn in relax seat. Under it festival is de bar iepen en kinst tusken de films troch genietsje fan in drankje of snack.

Adres: Ruiterskwartier 6a, Ljouwert

Noordelijk Film Festival - Neushoorn Leeuwarden festival festivallocatie poppodium podium

Neushoorn

Neushoorn is ít poadium foar kultuer, edukaasje en talintûntwikkeling yn Ljouwert. Yn de Arena fan poppoadium Neushoorn wurdt it programma Film & Food organisearre.

Adres: Ruiterskwartier 41, Ljouwert

Post-Plaza

Yn Post-Plaza kinst brea-ite, dinearje en sliepe. Mei yngong fan 2024 is dizze lokaasje it episintrum fan alle NoFF Talent & Industry-programmaûnderdielen.

Adres: Tweebaksmarkt 25 – 27, Ljouwert

Het Ruim (Firda)

It Ruim is it gebou links neist Stadsschouwburg De Harmonie. Hjir wurdt in part fan it programma fertoand en hawwe in oantal aktiviteiten fan it Noordelijk Film Festival plak.

Adres: Ruiterskwartier 6, Ljouwert

hiddema state

Stalhouderij Hiddema State

Yn 2025 waard in spesjale nije lokaasje tafoege, allinnich jildich foar 2025: Stalhouderij Hiddema State. Yn ‘e binnenarena fan dizze prachtige hynstestal waard Of Horses and Men, it debút fan ‘e Yslânske regisseur Benedikt Erlingsson, fertoand. By oankomst koene gasten genietsje fan kofje of tee en waarm wurde by it knetterjende fjoer. In unike filmûnderfining, mar in tweintich minuten fytsrit fan De Harmonie.